Pier21

En ik dan?

Ze 14 dec

15.00 uur

Floor stiet altyd foar oaren klear. As famke moast sy thús altyd ynskikke, om’t broer Roel alle omtinken fan har heit en mem frege. No’t har âlden ferstoarn binne, leit de earste ferantwurdlikheid foar him by har. Ek yn har wurk as traumaferpleechkundige en yn har relaasje mei Herman nimt se fansels de soarchrol op har. Mar as Herman út tankberens wat foar har weromdocht, is Floor dermei oan as sy sels yn it middelpunt set wurdt. Is har soarch foar oaren ta skea gien fan harsels?

Sy helpt elkenien, mar wa sjocht nei har?

It Fryske teaterselskip Pier21 bringt op ’e nij in yndruk- wekkende foarstelling oer in wichtich maatskiplik tema. En ik dan? is in muzykteäterfoarstelling mei Hiske Oosterwijk, Lourens van den Akker en Jochem Le Cointre. In yngripend toanielstik oer mantelsoarch dat út en troch wol in teaterkonsert liket. Komposysjes fan Hiske Oosterwijk, rezjy fan Jos Thie en tekst fan Bouke Oldenhof (Feteranen, Avond, Bijke). Dizze foarstelling is yn it Frysk.

Floor stiet altyd foar oaren klear. As famke moast sy thús altyd ynskikke, om’t broer Roel alle omtinken fan har heit en mem frege. No’t har âlden ferstoarn binne, leit de earste ferantwurdlikheid foar him by har. Ek yn har wurk as traumaferpleechkundige en yn har relaasje mei Herman nimt se fansels de soarchrol op har. Mar as Herman út tankberens wat foar har weromdocht, is Floor dermei oan as sy sels yn it middelpunt set wurdt. Is har soarch foar oaren ta skea gien fan harsels?

Nederlandse vertaling:

Grote Zaal
Toneel
• Prijs: